Grutte brân winkel Appelskea

23 maaie 2007 - 00:51
  • De brân yn de Poiesz-supermerk

In tige grutte brân hat tiisdeitejûn de Poiesz-supermerk yn Appelskea folslein fernield. Korpsen fan de brânwacht út Ljouwert, Assen, Drachten, it Hearrenfean en alle korpsen út de direkte omjouwing hawwe oant djip yn de nacht dwaande west it fjoer te bestriden.

De winkel stiet oan de Vaart Zuidzijde midden yn it doarp. Neistlizzende wenten en winkels rûnen ek skea op. Inkelde wenten binne ûntromme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)