Minder saken foar rjochtbank

22 maaie 2007 - 23:31

Justysje yn Ljouwert hat ferline jier folle minder strafsaken foar de rjochter brocht as tocht. It Iepenbier Ministearje koe net foldwaan oan ôfspraken mei de rjochtbank oer de kapasiteit dy 't se nêdich hiene.

Benammen it tal lichte strafsaken - de oertredings - is bot werom rûn neffens 2005. Ek binne der minder hiele swiere saken behannele foar de saneamde meervoudige keamer, dêr 't trije rjochters sitting ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)