Henk de Jong nei H'mase Boys

Henk de Jong út Drachten wurdt de nije trainer fan Harkemase Boys. De Jong en it bestjoer fan De Boys binne it tiisdei iens wurden oer in kontrakt foar ien jier, mei in opsje foar noch ris twa jier.
De Jong is no noch trainer fan de beloftes fan FC Grins. Dat wurk waard him te drok en dêrom hat hy keazen foar Harkemase Boys. Henk de Jong folget Fritz Korbach op. Dy krige nei de degradaasje fan de Boys dien.