Gebroeders Smilde ferkocht

22 maaie 2007 - 20:27

Libbensmiddelebedriuw De Gebroeders Smilde út it Hearrenfean wurdt oernommen troch VION-Ingredients. VION is it memmebedriuw fan destruksjebedriuw Sonac yn Burgum

It ferkochte bedriuw is in ûnderdiel fan de Keninklike Smilde en hat festigingen yn Nederlân, Dútslân en Eastenryk. Eigner Dirk Smilde hat de 200 meiwurkers mei in persoanlike boadskip op DVD op de hichte brocht fan de ferkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)