Sjauffeurs Connexxion ride wer

22 maaie 2007 - 17:07
  • Sjauffeurs Connexxion, earder dy deis by de wurkûnderbrekking

De sjauffeurs fan busmaatskippij Connexxion binne wer oan it wurk. Se hiene tiisdei de bus yn de remize op 'e Jouwer stean litten omdat de buspapieren net yn oarder wiene. De direksje hat tasein de papieren sagau mooglik yn oarder te bringen.

De kwestje spilet al langere tiid. De hiele dei troch hat der oerlis west tusken de fakbûnen en de direksje fan Connexxion. De sjauffeurs krije de oeren dat it wurk stillei, trochbetelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)