'Le Roy-tún wurdt oprêden'

Stichting Tijd giet meikoarten mei frijwilligers oan 'e slach yn de wylde tún fan Le Roy op It_Hearrenfean. Dat seit sekretaris Peter Wouda. Yn de tún lizze bulten stiennen en pún. De buert hat dêr protest tsjin oantekene. De bewenners binne benaud foar fandalisme en ûnfeilige situaasje. By in hantekenaksje binne der 37 tekene.
De stichting wol derfoar tenei foar soargje dat ûnfeilige situaasjes samin mooglik foarkomme.