Beatrix nei Esonstêd en Skier

22 maaie 2007 - 14:32

Keninginne Beatrix is woansdei 13 juny yn rekreaasjepark Esonstêd en op Skiermûntseach. Under lieding fan de kommissaris fan 'e Keninginne Nijpels krijt se útlis oer it natuergebiet Lauwersmar en de kloften fûgels dêr.

Nei har besite oan Esonstêd fart de Keninginne nei Skiermûntseach. Dêr praat se mei frijwilligers fan rêdingsmaatskippij KNRM. Ek giet se nei it besikerssintrum en as ôfsluter nei Hotel van der Werff.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)