Nije trailerhelling Drachten

22 maaie 2007 - 14:21

Op yndustryterrein De Haven yn Drachten wurdt freed in nije trailerhelling iepene. Hy hjit It Djippe Gat. Wethâlder Kuipers en Huizenga fan angelsportferiening Voorwaarts dogge de iepeningshanneling. Der wurdt ek noch in ynformaasjeboerd ûntbleate.

Nei de iepening gean de boatsjes it wetter yn om de earste snoekbears fan it jier te fangen. De trailerhelling hat 72.000 euro koste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)