Ferbouwing Princessehof klear

© Omrop Fryslân
De ferbouwing fan Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert is klear. De put hat fiif jier duorre. Boargemaster Dales fan Ljouwert docht woansdei 'de iepening'. It museum is renovearre en folslein opnij ynrjochte.
By de ferbouwing is der 5000 kante meter ekstra romte bykaam. It museum hat yn dy fiif jier tiid fan de opknapbeurt nea ticht west foar publyk. De renovaasje hat 4 miljoen euro koste.