Fiskers komme fangstferbod nei

Spjirringfiskers hawwe de netten út de Iselmar helle. Dat meldt de provinsje. De fiskers hiene oant freedtemoarn tsien oere de tiid om it fiskark fuort te heljen.
De Rie fan Steat bepaalde fan 'e wike dat der net mear op spjirring fiske wurde mei. De fûgels hawwe der tefolle lêst fan. De provinsje lei it fiskersbûn in twangsom op fan 75.000 euro, mocht der wol noch fiske wurde. De provinsje die dat omdat de yndruk bestie dat de fiskers harren net oan it ferbod hâlde soene.