Hantekens foar dragracerij

22 maaie 2007 - 11:42

Foar in boargerinisjatyf oer de dragraces yn Drachten binne mear as 1600 hantekens ynkaam. Se stean op de site dragerace88.nl. De wedstriden binne op it fleanfjild yn Drachten, mar de organisaasje hat in konflikt mei B en W fan Smellingerlân.

De organisaasje wol fan 't simmer in race hâlde. Dan moat der nij asfalt komme. Dat kin inkeld as it racen behâlden bliuwt en dêrfoar moat der in boargerinisjatyf komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)