Berch yn park Drachten bliuwt

© Omrop Fryslân
De berch yn it Reidingpark yn Drachten hoecht net fuort fan B en W fan Smellingerlân. De keunstmjittige heuvel yn it park bestiet al sûnt 1831. De gemeente woe de berch sljochtsje, mar dêr kamen sânhûndert protesten op.
B en W wolle it park no opknappe mei de berch derby. It wurdt tagonkliker makke en mooglik komt der in lyts iepenloftpoadium yn. De gemeenteried moat der noch wol oer beslute.