Dochs lawaainacht Koudum

22 maaie 2007 - 10:36

Jongerein yn Koudum mei dochs in lawaainacht hâlde yn 'e Koudumer feestwike yn septimber. Dat hawwe boargemaster, Pleatslik Belang, oranjeferiening en de jeugd moandei mei-inoar besletten.

De jeugd sil der tenei ek mear by belutsen wurde. Sa sil alle kearen in fertsjintwurdiger fan de jeugd by de gearkomsten fan Pleatslik Belang wêze. Dy kin dan saken ynbringe dêr't de jeugd achter stiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)