'Fytsbrêge by Blauferlaat'

© Omrop Fryslân
By de brêge Blauferlaat by Stynsgea moat in aparte fytsbrêge komme. De PvdA-fraksje yn Achtkarspelen wol in ûndersyk nei de helberens dêrfan. De brêge wurdt opknapt fanwege de rekonstruksje fan de N358 tusken Bûtenpost en Surhústerfean.
Troch de fytsbrêge soene fytsers en lânbouferkear net mear op deselde wei ride. Dat is feiliger foar skoalbern. Doel is om de brêge fan in licht en duorsum materiaal te meitsjen.