'Tún fan Le Roy te wyld'

© Omrop Fryslân
De wylde Le Roy-tún oan de Kennedylaan en de Europalaan op it Hearrenfean soarget foar oerlêst. Der lizze bulten stiennen en oar sloopmateriaal dat ferwurke wurde moat ta keunstwurken, mar der bart nea mei. It ûnderhâld fan de tún is yn hannen fan de stichting Tijd, mar dy kin net oan frijwilligers komme om it wurk út te fieren.
De bewenners roppe de gemeente no mei in protestbrief op ta aksje.