Slim ûngelok op A7 by Nijlân

21 maaie 2007 - 21:23

By in iensidich ûngelok op de A7 by Nijlân is moandeitemiddei in man swier ferwûne rekke. Hy is nei alle gedachten nei in mislearre ynhelaksje de macht oer it stjoer kwyt rekke. Hy rekke fan de dyk, fleach oer in sleat en kaam dêr yn 'e greide telâne.

De brânwachtkorpsen fan Snits en Boalsert hawwe de man tegearre mei it ambulânsepersoniel út syn auto helle. Dêrnei is er mei de traumahelikopter nei it sikehús yn Grins brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)