Steaten en Nijpels ûniens

Nijpels mei it presidium net mear foarsitte
Der binne spannings tusken de sân politike partijen yn Provinsjale Steaten en Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels. De ynset is de rol dy't Nijpels hawwe moat by it foarsitten fan it saneamde presidium. Dêr wurdt mei-elkoar besluten hokker ûnderwerpen wol of net op de aginda komme.
De fraksjes fine dat sy de foarsitter fan it presidium leverje moatte, Nijpels tinkt dêr dus oars oer.