'Dales hat ruten iepenset'

Ed Nijpels: Dales hat ruten fan de stêd iepenset
Ljouwert moat in krêftige boargemaster sykje, dy't net benaud is de problemen te neamen en oan te pakken. Ek moat de nije boargemaster op syn minst fiif of seis jier bliuwe. Dat seit Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels oer it ôfskied fan Dales as boargemaster.
Dales hat yn de trije jier dat er yn Ljouwert siet 'de ruten fan de stêd' iepenset en problemen oanpakt, sa seit Nijpels. De perioade fan trije jier hie langer wêze moatten.