Byldegroep pleatst yn Dokkum

21 maaie 2007 - 15:56

Yn Dokkum is moandei begûn mei de pleatsing fan in byldegroep. Dy makket diel út fan in kultuerhistoaryske rûte troch de stêd. It byld bestiet út fjouwer bisskoppen, wêrûnder Bonifatius, dy't belangryk west ha foar de kerstening fan Fryslân.

It keunstnersduo Groenewoud en Buij út Ljouwert hat it keunstwurk ûntworpen. Se ha acht moannen oan de byldegroep wurke. Minsken kinne der ek op sitte om út te rêsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)