Yad Vashempriis foar Veenstra

© Omrop Fryslân
Ald-Drachtster Mient Veenstra krijt moandei de Yad Vashem-medalje foar help oan Joaden yn de Twadde Wrâldoarloch. Troch de help fan slachterssoan ha in soad ûnderdûkers de oarloch oerlibbe. Mei syn heit siet de ûnderwizer yn it ferset.
De 89-jierrige Veenstra wennet yn in fersoargingshûs yn Rijssen. Yad Vashem is it ynstitút as neitins oan de Joadse slachtoffers. De medalje earet net-Joaden foar har help yn de oarloch.