Escher wrâldwiid bêst besocht

In útstalling mei wurk fan de Ljouwerter byldzjend keunstner Maurits Escher wie ferline jier de bêst besochte útstalling fan de wrâld. Dat docht bliken út in ranglist fan it toanoanjouwende keunsttiidskrift The Art Newspaper. De tentoanstelling "De Magische wereld van Escher" waard hâlden yn it Braziliaanske Rio de Janeiro. Yn totaal kamen der hast 574.000 minsken op ôf. Omrekkene wie dat hast 9700 op in dei.
Maurits Escher libbe fan 1898 oant 1972. De earste fiif jier fan syn libben wenne er yn Ljouwert.