Friezen yn Olympia's Tour

20 maaie 2007 - 21:27

Thomas Berkhout is snein de ferrassende winner wurden fan Olympia's Tour. Yn de lêste etappe yn Limburch, makke hy syn achterstân fan mear as seis minuten goed op ploechgenoat Martijn Maaskant.

Nei seis Rabobank-hurdfytsers stiet Marcel Beima fan Hurdegaryp op in kreas achtste plak. Folkert de Haan waard tsiende, Sipke Zijlstra tolfde, Lieuwe Westra 30ste, Germ van der Burg 36ste en Eelke van der Wal 43ste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)