Plysje slein yn Wurdum

20 maaie 2007 - 14:58

In 20-jierrige man út Wurdum is sneontejûn yn it doarp oanhâlden om't er in plysje yn syn gesicht slein hie. De man stie tegearre mei in kammeraat by wenningen oan de Werpsterdyk.

Plysjes woene de twa oanhâlde om't se har fertocht gedroegen. De Wurdumer woe net meiwurkje en sloech in plysjeman yn it gesicht. Hy is oanholden. De plysje ûndersiket noch wat de twa krekt fan doel wiene by de wenningen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)