Bromfytsdieven yn Ljouwert

20 maaie 2007 - 14:46

Mei help fan buertbewenners hat de plysje sneontenacht twa bromfytsdieven oppakt yn Ljouwert. In tsjûge seach de twa op de Antillenweg mei in bromfyts slepen en warskôge de plysje. Eefkes letter binne twa jonges fan 14 jier oanholden.

In oare tsjûge hie sjoen dat in tredde jongen him ferskûle yn in tún. Mei plysjehûnen is nei de jonge socht, mar sûnder resultaat. Yn de tún waarden wol trije helms en ynbrekkersark fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)