Fjochterij yn Drachten

© Omrop Fryslân
Op de Noardkade yn Drachten hat de plysje sneintemoarn betiid in ynwenner (29) fan Aldegea en in man fan 21 út Drachten oanhâlden. Sy wiene belutsen by ferskate fjochtpartijkes yn it útgeansgebiet. Dy ûntstiene om in oere as fjouwer.
Twa minsken binne dêrby ferwûne rekke. Wat de oanlieding foar de fjochterij west hat, wurdt troch de plysje noch ûndersocht. Mear oanhâldings wurde net útsletten. De fertochten sitte fêst.