Fjirde goud foar Elma de Vries

Elma de Vries (foto: Martin de Jong)
Elma de Vries fan De Haule hat sneon har fjirde gouden medalje by it NK baanskeelerjen helle. Op de 500 meter sprint fersloech se yn de finale Bianca Roosenboom. Dêrnei helle De Vries noch sulver op de ôflossing.
By de kadetten waard Manon Kamminga fan Haulerwyk twadde op de 500 meter. Se waard dêrnei earste by de ôflossing en behelle sa har fjirde gouden plak fan dit Nederlânsk kampioenskip.