Hotelkeamer Ljouwert fernield

20 maaie 2007 - 12:42
  • der is neat heal bleaun yn hotel It Anker yn Ljouwert
  • de keamer wie hierd troch fuotballers út Amsterdam

De plysje hat sneontemoarn fiif manlju (30, 30, 24, 25 en 31 jier) út Amsterdam oanholden op fertinking fan fernieling. De manlju makken diel út fan in groep fuotballers dy't in wykein op stap wiene yn Ljouwert.

Se sliepten yn hotel It Anker oan de Eewal. De eigner fernaam yn de moarntiid dat ien fan de keamers folslein fernield wie. Bêden, matrassen, kessens, ferljochting, armatueren en it rút wiene stikken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)