Teeven krijt 1e Vaatstra-boek

It Twadde Keamerlid Fred Teeven krijt it earste eksimplaar oanbean fan it boek oer de saak Vaatstra, dat skreaun is troch Bart Bakker. It boek wurdt oer goed trije wike presintearre yn Den Haach.
Bakker wie earder foarljochter fan Hilbrand Nawijn. Dy hat him ek mei de saak dwaande holden. Bakker hopet dat syn boek de saak yn in nij ljocht set en dat de moard sa noch oplost wurdt. Teeven wie earder ofsier fan Justysje.