Finansjele tafaller foar Harns

20 maaie 2007 - 11:55

De gemeente Harns hat ferline jier twa miljoen euro oerholden. Dat docht bliken út de jierstikken oer ferline jier. De finansjele tafaller hat te krijen mei in legere bydrage oan de tsjinst sosjale saken.

Fierder foelen de belestingen heger út. B&W stelle foar om in bedrach fan 1,6 miljoen euro ta te heakjen oan de reserves. Begjin dizze moanne stapte wethâlder Waaijer fan Harns op, nei krityk fan de rekkenkeamer fan Harns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)