Wettersportseizoen iepene

20 maaie 2007 - 10:48

By de haven yn Langwar is sneon it wettersportseizoen offisjeel iepene. Tagelyk is it projekt Fryske Marren Skarsterlân offisjeel ôfsletten troch deputearre Bertus Mulder. Yn it ramt dêrfan is in nije brêge oanlein yn Langwar en binne der nije WC's en oanlisplakken kommen.

Neffens toeristyske ûndernimmers yn Langwar wurdt it de lêste tiid hieltyd drokker yn it doarp. De foarsjennings wurde ferbettere as it oan har leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)