Friezen yn Olympia's Tour

© Omrop Fryslân
Lieuwe Westra wie sneon yn de foarlêste etappe fan Olympia's Tour de bêste Fries. Westra waard trettjinde op 47 sekonden fan winner Roy Curvers.
Yn it algemien klassemint naam Martijn Maaskant de liederstrui oer fan syn ploechgenoat Lars Boom. Marcel Beima stiet noch altyd op it sande plak. Folkert de Haan is tsiende, Sipke Zijlstra tolfde. Snein is de keninginnerit yn Limburch.