Jan Bos wint A7-classic

It poadium fan de A7 Classic (foto Martin de Jong)
Hurdfytser Jan Bos fan Nijehoarne hat de fjirde edysje fan de A7-classic op syn namme skreaun. Bos wie nei 165 kilometer de rapste fan in kopgroep fan 5 man. Twadde waard Jeffrey van der Velde, foar Steven Peters dy't tredde waard. It wie de twadde wedstriid dy't meitelde foar de klupkompetysje.
Bos rydt foar de Olympia-ploech fan it Hearrenfean en pakt mei de oerwinning 30 punten foar dy klupkompetysje.