Gjin groei blommemerk Drachten

© Omrop Fryslân
It slagget net om de blomkesmerk yn Drachten groeie te litten. Sneon waard dy merk foar de 15e kear hâlden. Der wiene sa'n 10 standhâlders, wat minder as ferline jier. De organisaasje hat wol de ambysje om te groeien. Der is adverteard yn fakblêden en kranten mar dat hat gjin fertuten dien.
Dochs is de organisaasje wol tefreden oer de merk fan dit jier. De omset wie wol goed. Ferline jier wie dat minder, doe hie de merk te lijen fan rein.