11-stêdekuierders oer finish

De 61 edysje fan de 11-stêdekuiertocht sit der wer op. Tiisdei begûnen yn Ljouwert goed 800 dielnimmers oan de tocht. Sneontemoarn om healwei alven kamen de earsten oer de finish. De tocht soe neffens de waarsfoarsizzings swier wurde. Mar op in pear buikes nei hawwe de kuierders it prima troffen.
Om sân oere begûnen de kuierders sneon yn Dokkum oan de lêste etappe fan 'mar' 28 kilometer. Foar de echte rinners in soarte fan neigesetsje.