11-stêderoeirûte fiks ynkoarte

In studinteploech út Grins hat sneon de 22ste alvestêderoeimaraton wûn. Sy kamen kertier foar alven oan yn Ljouwert. Dat wie folle earder as oare jierren. Dat komt omdat de rûte freedtenacht hielendal omgoaid waard.
Troch de hurde wyn koene de goed 80 tiims net oer de Sleattemermar. Dat betsjut dat de dielnimmers net yn Starum, Hylpen en Sleat west hawwe. Noch noait earder moast de tocht sa oanpast wurde.