Underwiis Opsterlân better

Iepenbier ûnderwiis mei sprongen foarút
It iepenbier basisunderwiis yn Opsterlân hat grutte foarútgong boekt. It Primo, it gemeentelik buro dat it basisûnderwiis yn Opsterlân oanstjoere moat, haldt de risseltaten fan de bern skerp yn de gaten. Dat bart fia in kompjûtersysteem dat alle skoallen en alle bern folget.
Dy metoade rint no in jier. Hy is ynfierd neidat de ûnderwiisynspeksje 6 fan de 18 iepenbiere basisskoallen as tige swak beoardiele hie.