Wer winst foar Taeke Triemstra

18 maaie 2007 - 21:16

Klaas Berkepas,Taeke Triemstra en Jan Willem van Beem ha freed de útnoegingspartij yn Raerd wûn. Yn de finale wiene se mei 5-1 en 6-2 de baas oer Rutmer van der Meer, Auke van der Graaf en Douwe Groenendijk.

Foar Triemstra wie it de twadde oerwinning yn twa dagen. Op Himelfeartsdei wûn hy mei St. Jabik de ôfdielingspartij yn Tsjummearum. Ek foar Berkepas wie de oerwinning spesjaal. Hy hat yn Raerd wenne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)