Marcel Beima moai yn top tsien

18 maaie 2007 - 17:44

Marcel Beima bliuwt ek nei de 7e etappe fan Olympia's Tour de bêste Fries. Yn de langste etappe dy't freed oer 211 kilometer tusken Hardenberg en Son en Breugel riden waard, kaam hy yn de massasprint as tsiende oer de einstreek. De winst wie foar de Italiaan Jacopo Guarnieri. Yn it algemien klassemint stiet Beima op it sânde plak. De earste fiif plakken wurde ynnaam troch fytsers fan de Rabobank-ploech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)