Sloeperace dochs net sa swier

18 maaie 2007 - 16:38
  • De start fan de race yn Harns

Op ien nei binne alle 132 sloepen dy't freed meidiene oan de HT- race oankommen op Skylge. De organisaasje wie benaud dat de hurde wyn en it lege wetter foar problemen soargje soe, mar dat is net it gefal.

De tiden binne dit jier wol wat minder as ferline jier. De earste frouljesloep die 3,5 oere oer de tocht fan Harns nei Skylge. De manlju ha in gemiddelde tiid fan 2,5 oere. De útslach wurdt sneon bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)