Halsema mei te garnalefiskjen

18 maaie 2007 - 16:05

Fraksjefoarsitter Femke Halsema fan Grien Links hat freed in dei it Waad op west mei garnalefiskers. De fiskers hienen Halsema foar de ferkiezings frege hoe't sy de takomst fan it garnalefiskjen seach. Hja hie dêr doe gjin byld fan.

Yntusken hat Halsema wol in idee oer de takomst fan it fiskjen op garnalen. Neffens har kin it fiskjen bestean bliuwe, omdat fiskers de skea oan de natuer safolle mooglik beheine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)