Kampanje tsjin motorûngelokken

De presintaasje fan de folders
Op it ferkearsedukaasjesintrum yn Drachten is freed in kampanje begûn om ûngelokken mei motors foar te kommen. By de kampanje hearre ûnder oaren twa folders, ien mei tips foar motorriders en ien foar autobestjoerders.
Alle jierren ferûngelokje yn Nederlân sawat 80 motorriders. Yn de helte fan de gefallen is dat by ûngelokken tusken auto's en motors. Dêrom rjochtet de kampanje him op beide kategoryen.