Supercat ûnderweis nei Fryslân

18 maaie 2007 - 14:25

De nije snelle fearboat fan rederij Doeksen is ûnderweis nei Fryslân. De Supercat, sa't de ferfanger fan de Koegelwieck hiet, is makke op de Filippijnen. Mei in grutte frachtboat wurdt it skip nei Fryslân fearn.

Doel is dat de Supercat takom moanne yn Fryslân oankomt. It skip moat dan earst noch flink ferboud wurde foardat it ynset wurde kin. It sil nei alle gedachten begjin takom jier klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)