Nije spilers by Vadeko Flyers

© Omrop Fryslân
IIshockeyclub Vadeko_Flyers hat dizze wike fjouwer nije spilers fêstlein. Dêrmei is de seleksje sa goed as klear. It giet om de oanfallers Alexander_Ivanov út Ruslân en de Amerikaan Mike_McCarthy en om de ferdigeners John_Gordon út Kanada en Matt_McCarthy út Amearika. De Mc Carthy´s binne broers.
De oanfallers Brian_Ballman en Garett_Winder en ferdigener Joshua_Harding giene fuort.