Jild kwyt by wikseltrúk

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Katwijk is tongersdei inkelde hûnderten euro's kwytrekke by in wikseltrúk. De man waard yn Boalsert oansprutsen troch in ûnbekende man dy't in twa euromunt wikselje woe foar de parkearautomaat.
Doe't de Katwijker syn beurs iepen die, die de ûnbekende man dêr in greep yn. De dieder naaide dêrnei út. It giet om in man mei in tinte hûdskleur, dy't yn in grize auto mei in Belgysk kenteken rydt.