Sint Jabik wint yn Tsjummearum

© Omrop Fryslân
Nei in lange dei keatsen hat Sint Jabik tongersdei it keatsen yn Tsjummearum wûn. Taeke Triemstra, Rudmer van der Meer en Renze Pieter Hiemstra bleaunen yn de finale lang om let Berltsum de baas. Sint Jabik krige de hiele dei mar sân earsten tsjin en wie eins oppermachtich.
De ôfdielingspartij yn Tsjummearum jildt tradisjoneel as generale repetysje foar de bûnspartij fan pinkstermoandei yn Frjentsjer.