Fakânsjebuorkerij beheinden

17 maaie 2007 - 17:43

In boerebedriuw by Lollum begjint mei in nije twadde tak. Net allinnich in minikamping, mar ek hotelkeamers foar handikapten en âlderein. Doel is dat minsken mei in beheining hjir fakansje hâlde kinne mei har eigen famylje.

De boerinne soarget yn de mande mei de thússoarch foar de handikapten. De pleats is hielendal oanpast. Sa is der in lift, in tillift en oanpast sanitêr. Ek is it hiem tagonklik makke foar rolstuollen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)