Learlingen meitsje sels izer

De learlingen by har izeroven
Twa learlingen fan it Stellingwerf-kolleezje yn Easterwâlde meitsje as eineksamenprojekt sels izer. De twa ha in oven boud, dêr't se sels opgroeven oerizer yn smelte. Tongersdei gie it earste izer de oven yn.
Ek museum Oold Ark yn Makkingea docht mei oan it projekt. It museum makket in film fan it bouwen fan de oven en it smelten fan it izer. De film is meikoarten te sjen yn it museum.