Frou belutsen by sjitpartij?

17 maaie 2007 - 15:21

De plysje is op syk nei in frou dy't belutsen wêze soe by in sjitpartij moandei yn Ljouwert. By de sjitpartij rekken twa Antillianen ferwûne, sy wurde ek as fertochte sjoen. Ien fan har leit ûnder bewaking yn it sikehûs.

Woansdei hat in Drachtster him meld by de plysje, hy is de tredde fertochte. Neffens ferklearrings fan tsjûgen wie der ek noch in frou belutsen by de sjitpartij. Wat har rol krekt west hat is de plysje noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)