Minder standhâlders blomkemerk

It tal standhâlders op de blomkemerk yn Ljouwert leit dit jier wat leger as de ôfrûne jierren. In tal ferkeapers út it westen hat fanwege de waarsferwachting op it lêste momint ôfsein. It wie foar de merkmaster net mooglik om noch ferfanging te regeljen.
De blomkemerk wurdt tradisjoneel hâlden op Himelfearstdei. De merk lûkt alle jierren in soad besikers. Dy komme dit jier benammen middeis, moarns wie it rêstiger as oars.