Kop-sturtbotsing by Warten

17 maaie 2007 - 12:44

In ynwenner fan Hengelo is woansdei op de sneldyk by Warten fan efteren oanriden troch in auto, bestjoerd troch in ynwenner fan Drachten. Dy waard op syn beurt oanriden troch in ynwenner fan Hoorn. Wat de oarsaak fan de oanriding west hat, is net bekend.

In ynsittende fan de auto út Hengelo waard nei de oanriding foar kontrôle nei it sikehûs brocht. Dêr die bliken dat hja gjin letsel oprûn hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)